|

Noardburgum is tegen zinloos geweld

Op it plak fan dit doarp wie foarhinne de Burgumer heide of de grutte Stateheide, noardlik fan Burgum. Yn `e 19de ieu is alle heide oanmakke. Professor Nic. Ypey hat dêrta yndertiid de foarstap nommen. Yn 1930 binne de buorskippen fan de Heide gearfoege ta in doarp ûnder de namme Noardburgum. It reade fjild is de eardere heide, mei dêrop de steateliuw út it wapen fan Fryslân, dêr`t de namme mei útbylde is. Under de liuw de ekkel en it klaverblêd út it wapen fan ‘e famylje Ypey. Nêst it klaverblêd en de ekkel - twa symboalen fan de goede grûnaard - jout ek de punt oan dat de heide "ferdreaun"is troch de kultuergrûn, oanjûn troch de kleur grien. Omdat no yn Noardburgum it grutste pompstasjon fan Fryslân stiet, is it griene fjild beset mei twa weagjende balken fan sulver. De flagge jout op ienfâldige wize de betsjutting fan it wapen wjer.
|